KNKB kompetysje peloten

Neidat de pelotekompetysje foarch jier foar Mantgum in grut sukses wie, moast der dit jier natuurlik wer oan meidien wurde. Sawol de manlju as de froulju doche mei en se wolle beide hun titel ferdedigje. De mannen foarch jier kampioen yn’e B-poule. Om bepaalde redenen binne se net nei de A-klasse gien, derom no mar sjen litte dat dat eins wol moatten hie. De earste wedstryd waard troch de mannen mei 8 – 0 wun, dus de goeie lijn is ynsetten. De froulju binne in wike letter begun en wol op moandei 11 july. Se moasten (net foar it earst dit jier) tsjin Easterlittens. Noch net ferlern dit jier en derom dit no ek net dien. It gie net sa maklik as de letste kearen, mar dat makket neat. De punten binne binnen en ek hjir is it begin makke foar in suksesje. Oare wike moatte de froulju tsjin Deinum oantrede, wat wol ris de grutste konkurint weze koe. Dus kom allegear oare wike de froulju oanmoedigjen op it keatsfjild fan Mantgum om 19.30!

Geplaatst op 12 July 2011